Onno Falkena
onno-pier.bsky.social
Onno Falkena
@onno-pier.bsky.social
Sjoernalist yn Fryslân, mar ek geregeld om utens. Hat ferlet fan blauwe loft nei it skiere waar fan de lêste tiid.
In stevige Fryske delegaasje waard hjoed ûntfongen op it Gouvernemint yn Mestreech foar in wurkbesite. Provinsjes mei eigen taal en identiteit kinne mear gearwurkje, is it idee. Limburg wol de eigen taal befoarderje ta offisjele taal en kin dêrby wol wat advys brûke.
December 4, 2025 at 3:38 PM
Op it mêd fan de menukaarten jout Mestreech Ljouwert it goeie foarbyld. It Steatekomitee Frysk en Kommissaris fan de Kening Brok binne yn oantocht en kinne jûn sels ek genietsje fan kiesblökskes mei selderijzaajt. De kaart is kreas twatalich Mestreechs/Ingelsk.
December 3, 2025 at 11:07 AM
Provinsjale steaten fan Fryslân hawwe niiskrekt mei 40 stimmen foar en 2 tsjin advisearre om de regionale omropkonsesje ek de kommende fiif jier oan Omrop Fryslân te jaan. Allinnich de PVV-fraksje stimde tsjin. Diskusje wie der hjoed net: it advys waard ôfdien as in hammerstik.
November 26, 2025 at 3:44 PM
Kommissaris fan de Kening Brok nimt hjoed ôfskie fan steatelid Maarten Goudzwaard, dy’t no keamerlid is foar JA21. Ien fan de grutste wapenfeiten fan Goudzwaard yn PS wie sûnder mis de leafdesrelaasje mei CDA-steatelid Wieke, dêr’t er no mei troud is. “Ik haw hjir in moaie tiid hân”, seit er sels.
November 26, 2025 at 9:21 AM
In spesjaal oanklaaid ûntfangstkomitee fan Extinction Rebellion hjit de steateleden hjoed wolkom. Se sille dit tenei eltse moanne dwaan oant de provinsje wat docht oan glyfosaat en oar lânbougif. Se wolle dat de provinsje hanthavenet yn it belang fan de folkssûnens.
November 26, 2025 at 9:13 AM
De FNP ‘wol leare’ fan de mislearre ferkiezingskampanje. It sittende bestjoer sil net wer foarstelle om oan keamerferkiezings mei te dwaan, seit foarsitter Jan Arendz oan it begjin fan de evaluaasjegearkomstr yn Jirnsum.
November 21, 2025 at 6:41 PM
Measte partijen yn provinsjale steaten hawwe net folle fidúsje yn de plannen fan alternative regionale omrop ORT FRL. “Als we met ORT FRL in zee gaan nemen we een heel groot risico.” De steaten sille nije wike advys útbringe oer de konsessy foar 2026-2030.
November 19, 2025 at 8:19 PM
De Fryske polityk praat jûn oer de regionale omropkonsessy foar de kommende 5 jier. It stiet op de wurklist, omdat der 2 gadingmakkers binne. ORT FRL wol de konsessy graach oernimme fan Omrop Fryslân mei in minder Frysk profyl. It Fryske parlemint moat hjir advys oer útbringe.
November 19, 2025 at 6:47 PM
Fjouwer Fryske keamerleden hawwe woansdei de eed of belofte yn it Frysk ôflein. Luciënne Boelsma (CDA) sei “Sa wierlik helpe my God almachtich.” Maarten Goudzwaard (JA21), Habtamu de Hoop (GL/PvdA) en Femke Wiersma (BBB) keazen foar “Dat ferklearje en ûnthjit ik.”
November 12, 2025 at 1:26 PM
Oant no ta hawwe mar fiif Europeeske minderheidstalen in film of searje op Netflix krigen. Foaral de Katalanen, Basken en Galisiërs dogge it goed, mar de measte minderheidstalen bestean net op it populêre platfoarm, konkludearret it Memmetaalforum op it Noordelijk Filmfestival NFF.
November 6, 2025 at 10:39 AM
It Frysk Filmfûns dielt út. Op it Noordelijk Filmfestival NFF krije alve projekten jild tasein foar it ûntwikkeljen en meitsjen fan in koarte film, film of dokumintêre yn Fryslân. It fûns wol de produksje fan Fryske films stimulearje.
November 6, 2025 at 10:12 AM
De grutske partijfoarsitter Jan Arendz iepenet de FNP-ferkiezingsjûn op ‘e Jouwer. Arendz ferwachtet dat de kampanje fan no de partij mear stimmen opsmite sil by de riedsferkiezings. Hy is dúdlik oer de ambysje: de FNP wol de grutste partij fan Fryslân wurde.
October 29, 2025 at 7:46 PM
Der is fansels mar ien partij fan de regio’s, seit BBB-kopstik Femke Wiersma op de grutte ferkiezingsjûn fan har partij yn De Pleats yn Burgum. Wiersma rekkenet op in ‘goeie útslach’ nije wike. “It giet mei golfbewegings, mar wy bouwe troch.”
October 23, 2025 at 6:00 PM
De FNP fear hjoed mei kampanjeskûtsje De Brijbek nei Den Haach. In hele reis, dy’t moarns om 04.00 oere yn Warkum begûn. It sintrum fan Den Haach waard tsjin tolven berikt, mar earst moast de mest noch in kear ekstra del fanwege in brêge dy’t net iepen gie.
October 22, 2025 at 12:39 PM
De Fryslannen hawwe in soad mienskiplike útdagings en kinne mear oparbeidzje, seit Eke Folkerts yn har taspraak op it jubileum fan it Friesenkongres yn Jever. Minister Falko Mohrs pleitet foar in posityf, ynklusyf Heimatgefoel. “Gjin minsken útslute, mar meiïnoar de identiteit belibje.”
October 18, 2025 at 10:17 AM
Earlik is earlik: de hûnderdste jierdei fan it Friesenkongres yn Jever lûkt net folle jongeren. Dat komt grif ek troch de foarm; ferskate langere taspraken en - oant no ta - gjin muzyk en ek net folle diskusje oer de takomst. Ek bestjoerlik mist de jongerein.
October 18, 2025 at 9:50 AM
By it alderearste Friesenkongres yn 1925 wie ek Grinslân (Groningen) fertsjintwurdige. Dat soarge wolris foar diskusje, fertelt Thomas Steensen yn syn rede. Mar nei de publikaasje fan it Frysk Manifest yn 1955 wie de leafde oer. De Grinslanners fielden harren bûtensletten en kamen net wer.
October 17, 2025 at 6:02 PM
Yn it slot fan Jever waard hûndert jier lyn foar it earst in Friesenkongres organisearre. Sûnt dy tiid treffen Friezen út Fryslân, Fraschlönj en Friesland inoar geregeld. Jever is de haadstêd fan it lân Fryslân, op de kentekens stiet grutsk ‘FRI’. Foar Fryslân is Ministerin Eke Folkerts der by.
October 17, 2025 at 5:34 PM
By Firda yn Drachten rint no it noardlike keamerledendebat fan VNO/NCW en SNN. Giet no oer de Lelylijn en it grutte ferlet oan minder regels. Neffens de oanwêzige ûndernimmers komme der allinnich mar regels by yn Nederlân. In foarstel: foar eltse nije regel moatte der twa ôfskaft wurde.
October 10, 2025 at 1:41 PM
It wyklikse parsepetear fan Deputearre Steaten kin hjoed - oars as ornaris - net online besjoen wurde. Dêrom mar werris in foto út de gearkomsteseal fan deputearre steaten. It giet ûnder oare oer de bydrage fan de provinsje Fryslân oan Keningsdei 2026 yn Dokkum.
October 7, 2025 at 12:38 PM
Fanwege stoarm Amy sil Rederij Wagenborg fan ‘e middei de lêste fjouwer auto’s fan parkeardek P1 op de Holwerter pier fuortslepe nei in feiliger plak. Der wurdt rekken mei hâlden dat dit leechste parkeardek wolris ûnderstrûpe kin fannacht of moarn.
October 4, 2025 at 11:21 AM
Seis keamerleden dogge mei oan de kommisjegearkomste oer de fearboatkonsessy foar de Fryske Waadeilannen.
Habtamu de Hoop wol dúdlikheid oer de ticketprizen foar jongeren en studinten. Ek pleitet hy foar ‘lief & leedplakken’ foar eilanders dy’t nei it sikehûs wolle.
October 1, 2025 at 8:12 AM
It is hjoed de Europeeske Taledei. Taalplatfoarm EBLT fiert dat hjoed by Firda yn Ljouwert yn it selskip fan praktor meartaligens Lysbeth Jongbloed en in flinke groep MBU-studinten.
September 26, 2025 at 9:11 AM
It foarstel fan VVD en oare partijen om in pear ynstellings te helpen liket noch it measte op persoanlike foarkar, seit Christa Oosterbaan fan de PvdA. Sy fynt dat eltse ynstelling mei in goeie beoardieling stipe fertsjinnet en tsjinnet dêr in moasje foar yn.
September 24, 2025 at 5:37 PM
Plan fan VVD-steatelid Martijn Brands om 2,3 miljoen ekstra yn kultuer te stekken ropt in soad fragen op by partijen dy’t net yn syn kultuerkoälysje sitte. Wêrom de iene ynstelling rêde en de oare net? De PvdA wol de diskusje oant de begrutting yn novimber.
September 24, 2025 at 5:26 PM