FNP Súdwest Fryslân
banner
fnpswf.bsky.social
FNP Súdwest Fryslân
@fnpswf.bsky.social
Politike partij mei 6 sitten yn de gemeente Súdwest Fryslân. Stiet midden yn de Mienskip
🔥 Waarmte genôch hjoed, mar in ûnwis perspektyf foar moarn. De FNP makket him soargen no’t twa wichtige waarmteprojekten yn SWF net trochgeane. De risiko’s binne te grut. It Ryk moat komme mei stipe en in lanlik waarborgfûns. Allinnich dan kin de transysje trochset wurde. 🔥
June 21, 2025 at 2:05 PM
Goed nijs foar Drylts en omkriten! De nije húsartsenpraktyk fan de stêd krijt in plak op de âlde lokaasje fan it eardere gemeentehûs. De FNP is tige wiis dat dizze wichtige foarsjenning foar Drylts beholden bliuwt en no in geskikte lokaasje fûn hat.
March 20, 2025 at 1:50 PM
𝔻𝕖 ℍ𝕒𝕒𝕔𝕙 𝕓𝕖𝕕𝕒𝕟𝕜𝕥!
𝕌𝕤 𝕗𝕖𝕣𝕓𝕚𝕟𝕚𝕟𝕘 𝕚𝕤 𝕗𝕦𝕠𝕣𝕥...

Hjoed wie der in protest op de brêge by Twellingea. De ynwenners fan Top en Twel krigen dizze wike te hearren dat de brêge pas yn 2029 wer iepen giet... 🤔
In hurde boadskip dy't yn ús eagen ûnakseptabel is.

"Elke regio telt"? Dêr liket it net op...
March 1, 2025 at 10:05 PM
Kulturele moarn mei de fraksje yn Boalsert, mei in wurkbesite oan De Tiid en Ons Gebouw. In weardefolle gelegenheid om bypraten te wurden en ynsjoch te krijen yn dizze wichtige lokaasjes foar kultuer en erfguod yn 'e stêd.
February 22, 2025 at 12:42 PM
De FNP Súdwest-Fryslân is bliid dat de earder oankundige proef om de dokterswacht yn Snits yn de nacht te sluten net trochgiet!

FNP fraksjefoarsitter tydens de skôging novimber 2024 👉"De wylde ideeën om de dokterswacht yn Snits te sluten binne gefaarlik en hawwe grutte gefolgen foar ús ynwenners."
February 14, 2025 at 10:56 AM
💥 KARBYDPLOEGEN TIGE TANK💥
January 1, 2025 at 9:46 AM
N O F L I K E K R Y S D A G E N E N I N S Û N E N L O K K I C H 2 0 2 5
December 22, 2024 at 11:13 AM
De FNP-fraksje yn Súdwest-Fryslân is bot skrokken fan it nijs dat de brêge by Twellingea per direkt ticht giet foar auto- en lânbouferkear. De situaasje rûnom de brêge lit sjen hoe wichtich it is om op ’e tiid te ynvestearjen yn ynfrastruktuer.
De gefolgen fan dizze sluting binne ûnakseptabele grut.
November 27, 2024 at 9:03 PM